 |
|
Algemien
Rûte
Foto's
Fryslān
Nederlān

Bleatstrantsje Griene Stjer
Algemien
De Griene Stjer is in rekreaasjegebiet, fan likernôch 1000 hektare, oan
de eastkant fan Ljouwert.
Op in stik fan de Griene Stjer is sûnt 1980 bleatrekreaasje tastien. By
de werynrjochting fan de Griene Stjer yn 1995 is keazen foar in folle
gruttere lokaasje dy’t mear iepen en sintraal leit.
It hjoeddeiske strantsje leit op in eilân fan likernôch 3,5 hektare. It
gebiet oan de súdkant fan it kuierpaad is it offisjele bleatstrân. Op it
oare stik wurdt bleatrekreaasje gedoogd.
It bleatstrantsje hat sawol lisgreiden as sânstrannen.
Op it bleatstrantsje binne gjin foarsjenningen oanwêzich. Op sa’n 700
meter ôfstân binne in kiosk (simmerdeis elke dei iepen!) en in
toiletgroep oanwêzich.
It swimwetter is troch de stadich ôfrinnende boaiem (0 – 2,50 meter djip)
ek geskikt foar minder betûfte swimmers. Der is gjin ôfset swemstik foar
bern.
Troch de feanige ûndergrûn is it swimwetter net sa trochsichtich.
It bleatstrantsje hat in eigen
webside mei in soad
aktuele ynformaasje, dy’t elke dei fanôf it strantsje fernijd wurdt.
Hûnen binne net tastien.
Waar
Handige links
|
Oan de ynformaasje fan dizze webside kinne gjin rjochten ûntliend wurde
|